Pippi Langkous - cover

Pippi Langkous

Astrid Lindgren

  • 05 november 2020
  • 9789493159495
Wil ik lezen
  • Wil ik lezen
  • Aan het lezen
  • Gelezen
  • Verwijderen

Samenvatting:

Wa ken Pippi Langkous net? It sterkste famke fan ‘e hiele wrâld! Se wennet hielendal allinnich yn Filla Keakelbûnt. No ja, net hielendal allinnich, want se hat in aapke en in hynder. En gelokkich komt har heit sa no en dan lâns mei in koffer fol goudstikken. Mei Tommy en Annika, dy’t neist har wenje, belibbet se de gekste aventoeren. Dizze Fryske edysje is makke ta eare fan de 75ste jierdei fan it ûndogense famke mei de reade flechten. Yn it boek stean de dielen Pippi Langkous, Pippi Langkous giet oan board en Pippi Langkous yn Taka-Tukalân. Geweldich foar elk dy’t bern bliuwe wol. Astrid Lindgren (Sweden 1907-2002) har skriuwerskarriêre begûn eins op ‘e dei dat har dochterke om in ferhaal frege; it waard in ferhaal oer Pippi Langkous. Dêrnei skreau se mear as tweintich boeken dy’t oer de hiele wrâld ferskynd binne. Har wurk waard talleaze kearen bekroand, û.o. mei de Hans-Christiaan-Andersen-Medaille en de Sweedske Steatspriis foar Literatuer.

We gebruiken cookies om er zeker van te zijn dat je onze website zo goed mogelijk beleeft. Als je deze website blijft gebruiken gaan we ervan uit dat je dat goed vindt. Ok