Omsjen - cover

Omsjen

Anneke Sieperda

  • 11 oktober 2021
  • 9789463653688
Wil ik lezen
  • Wil ik lezen
  • Aan het lezen
  • Gelezen
  • Verwijderen

Samenvatting:

Teatske wurket yn it Bonifatiussikehûs yn Ljouwert. It is oarloch, it wurk is net sûnder gefaar en har heit wol graach dat se wer thúskomt. Mar Teatske fynt dêr har earste, allesoerhearskjende leafde. Se kin en wol de sike minsken en har leafste: de bysûndere, sensuele Joadske Otto, net yn ’e steek litte. As se troch omstannichheden dochs weromgiet nei har bertedoarp hoopt en dreamt se oer in libben mei har Otto. Mar dan krijt Teatske in brief… Yn maaie ‘45 as hiel Europa yn it ljocht fan de frijheid de frede fiert, belibbet Teatske har donkerste dagen. In dramatysk barren út har ferline makket dat it libben sa hiel oars rint as dat Teatske oait tocht hie. Wurdt de lêst dy’t se meitôget ûndraachlik of binne de libbenslange, djippe freonskippen en de leafde har ynspiraasje om it libben yn al syn djipte- en hichtepunten temjitte te gean? In oangripend ferhaal, basearre op it libben fan de mem fan de skriuwster. Anneke Sieperda (1957) is berne yn de Kooi-polder by Sleat, waard oplaat ta ûnderwizeres en wurke op ferskillende basisskoallen. Earst as learkrêft en neidat se mem waard fan fjouwer bern as ynfalster. Se spilet toaniel, hat regisseur west en skreau sketsen en stikken, foar toaniel, foar in kabaretselskip en foar jubilearjende ferieningen.

We gebruiken cookies om er zeker van te zijn dat je onze website zo goed mogelijk beleeft. Als je deze website blijft gebruiken gaan we ervan uit dat je dat goed vindt. Ok